fy.wikipedia.org

Gotthard Handrick - Wikipedy

Karl Hermann Gotthard Handrick (Zittau, 25 oktober 1908 - Ahrensburg, 30 maaie 1978) wie in Dútsk Kolonel by de Luftwaffe en moderne-fiifkamper.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, hy wie de earste Olympysk kampioen op de moderne fiifkamp dy't net út Sweden kaam.

Handrick gie nei syn middelbere skoalle yn 1929 by de Reichswehr. Fanwege syn sportive prestaasjes waard er by de sportskoalle yn Wünsdorf by Berlyn legere. Yn de Spaanske Boargeroarloch wie er kommandant fan Jagdgruppe 88 yn it Legioen Condor fan 18 july 1937 oant 10 septimber 1938. As piloat yn dizze boargeroarloch fleach er yn in Messerschmitt Bf 109-D, dêr't de spinner fan beskildere wie mei de Olympyske ringen. Yn de Spaanske Boargeroarloch behelle er fiif loftoerwinningen oant syn weromkommen nei Dútslân yn 1938.

Yn de Twadde Wrâldkriich siet Handrick by de Luftwaffe. Fan 1 maaie 1939 oant 24 juny 1940 wie er groepskommandant fan Groep I van Jagdgeschwader 26 mei de rang fan majoar, dy't er al fan 1 novimber 1938 ôf hie yn laat by de foargonger, Jagdgeschwader 132. Syn opfolger as kommandant fan Groep I wie Kurt Fischer. Handrick wie Geschwaderkommodore fan it squadron fan 24 juny oant 21 augustus 1940; syn opfolger dêr wie Adolf Galland. Fan 7 oktober 1940 oant 22 juny 1941 late er de Groep III fan Jagdgeschwaders 52, dy't yn dizze perioade ferpleatst wie nei Bûkarest-Pipera en ek de gefjochten om it eilân Kreta stipe. Hy wie lid fan Jagdgeschwader 5 yn Noarwegen fan de oprjochting yn 1942 ôf, úteinlik as skwadronkommandant. Yn juny 1943 waard er oerpleatst nei Eastenryk, ynearsten nei de Jagdfliegerführer Ostmark, omdoopt ta de 8. Jagd-Division yn juny 1944. Begjin 1945 wie er lid fan de planningstêf fan de Operaasje Bodenplatte. Yn de Twadde Wrâldkriich helle er nochris tsien loftoerwinningen.

Nei de ein fan de kriich wurke Handrick as sakeman, earst yn Witten an der Ruhr en dêrnei yn Hamburg, dêr't er fertsjintwurdiger wie foar Daimler-Benz. Nei syn pensjoen wenne er yn Ahrensburg.
Gotthard Handrick ferstoar op 30 maaie 1978, yn 'e âldens fan 69 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:DE