Pappegaai-eftigen - Wikipedy
pappegaai-eftigen | |
![]() | |
Ferskate soarten pappepgaai-eftigen. Mei de klok mei fan loftsboppen ôf: in kakapo (Strigops habroptilus), in keä (Nestor notabilis), in lytse swarte pappegaai (Coracopsis nigra), in swarte kakketoe (Probosciger aterrimus), blau-giele ara (Ara ararauna) en in Port-Lincolnparkyt (Barnardius zonarius). | |
Taksonomy | |
ryk: | dieren (Animalia) |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) |
klasse: | fûgels (Aves) |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) |
sûnder rang: | lânfûgels (Telluraves) |
sûnder rang: | súdfûgels (Australaves) |
sûnder rang: | falkfoarmigen (Eufalconimorphae) |
sûnder rang: | mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) |
skift | pappegaai-eftigen (Psittaciformes) |
Wagler, 1830 | |
Ferspriedingsgebiet | |
![]() | |
Fersprieding fan alle pappegaai-eftigen. | |
De pappegaai-eftigen (wittenskiplike namme: Psittaciformes) foarmje in skift fan 'e fûgels (Aves). Dizze groep is it naust besibbe mei de moskeftigen (Passeriformes) en in bytsje minder nau mei de falkeftigen (Falconiformes). Ta de pappegaai-eftigen hearre likernôch 410 soarten, dy't yndield binne yn sa'n 100 skaaien en 5 famyljes. Dizze fûgels binne lânseigen yn Súd- en Midden-Amearika, it Karibysk Gebiet, Afrika besuden de Sahara, Súd- en Súdeast-Aazje, Australaazje en westlik Oseaanje. Mei de kriefûgels wurde de pappegaai-eftigen ta de yntelligintste fûgels rekkene. It binne herbivoaren, dy't almeast gjin of frijwol gjin seksuele dimorfy fertoane. Guon soarten kinne minsklike spraak neibeare en binne mei dêrom populêre húsdieren wurden. In grut tal middelgrutte en lytse pappegaai-eftigen wurde parkiten neamd.
Molekulêr ûndersyk hat suggerearre dat pappegaai-eftigen har likernôch 59 miljoen jier lyn foar it earst ûntwikkele hawwe, nei gedachten op it superkontinint Gondwana, mei't dat de grutte fersprieding ferklearje soe. De krappens fan fossilen fan pappegaai-eftigen dy't weromfûn binne, makket it lykwols dreech om sokke hypotezes te ûnderbouwen. Sokke iere pappegaai-eftigen wiene wierskynlik arboreäle (yn beammen libjende) fûgels, mar sûnder snaffels dy't spesjalisearre wiene foar it pletten fan sieden, lykas moderne pappegaai-eftigen hawwe. De earste fossilen fan pappegaai-eftigen dy't net kontroversjeel binne, datearje fan it Ier Eoseen, sa'n 54 miljoen jier lyn. Pas tusken 23 miljoen en 20 miljoen jier lyn ûntstiene de ierste moderne pappegaai-eftigen, dat wol sizze: fûgels mei in lichemsbou en snaffelfoarm dy't hjoed de dei werkend wurde soene as fan pappegaai-eftigen.

Ta de pappegaai-eftigen hearre 5 famyljes fan fûgels, nammentlik de pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae) út Afrika besuden de Sahara, Súd-Amearika, Midden-Amearika en it Karibysk Gebiet; de pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae) út Afrika besuden de Sahara, Súd-Aazje, Súdeast-Aazje, Austraalje en westlik Oseaanje; de pappegaaien fan 'e Yndyske Oseaan (Psittrichasiidae) út Madagaskar en lytsere eilannen yn 'e Yndyske Oseaan (mei ien soarte út Nij-Guineä); de kakketoefûgels (Cacatuidae) út Austraalje, Nij-Guineä en omlizzende eilannen; en de kakapofûgels (Strigopidae) út Nij-Seelân. De ûnderferdieling tusken de pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld en de pappegaaien fan de Alde Wrâld is pas yn 2014 algemien akseptearre. De famyljes binne ferdield oer 3 boppefamyljes: de pappegaaien (Psittacoidea), dêr't fierwei de measte soarten ta hearre, en de folle lytsere boppefamyljes fan 'e kakketoes (Cacatuoidea) en de Nijseelânske pappegaaien (Strigopoidea).
Libbene soarten pappegaai-eftigen rinne yn grutte útinoar fan Sclaters spjochtpappegaai (Micropsitta pusio), dy't in lichemslingte hat fan mar 8 sm en in gewicht fan 10 g, oant de hyasintara (Anodorhynchus hyacinthinus), mei in lichemslingte fan in meter, en de kakapo (Strigops habroptilus), mei in gewicht fan 4 kg.
It meast opfallende skaaimerk fan it skift is de sterke, kromme, brede snaffel. De boppekaak fan dy snaffel is it grutst en bûcht nei ûnderen om op in skerpe punt út te rinnen. De ûnderkaak is koarter, mar hat in skerpe, opsteande snijrâne. De snaffel sit net fêst oan 'e plasse, sadat er ûnôfhinklik bewege kin. Pappegaai-eftigen kinne mei har snaffel in grutte bytkrêft útoefenje; sa hat in grutte ara bgl. in bytkrêft fan 35 kg/sm², wat net sa folle ferskilt fan 'e bytkrêft fan in mânske hûn.
De poaten fan pappegaai-eftigen binne binne sygodaktyl, wat betsjut dat se twa teannen hawwe dy't nei foarren wize en twa dy't nei efteren wize. De teannen rinne út op skerpe, ferlingde klauwen. Mei har poaten binne pappegaai-eftigen tige handich en kinne se in protte foarwerpen manipulearje. Krekt sa't minsken dat mei harren hannen hawwe, binne pappegaai-eftigen hast altyd òf rjochtspoatich, òf loftspoatich.

It fearrekleed fan pappegaai-eftigen is almeast fel fan kleur. De faakst foarkommende kleur is grien, hoewol't de measte soarten wol ien of mear lichemsdielen yn in oare kleur hawwe, fral read, giel of blau. Guon soarten binne swart. De measte kakketoes binne de iennichsten dy't hielendal wyt of rôze binne. Seksuele dimorfy komt by de measte soarten pappegaai-eftigen net of frijwol net foar. In útsûndering op dy regel wurdt foarme troch de ealpappegaaien (Eclectus). By soarten út dat skaai is it wyfke fierhinne read wylst it mantsje fierhinne grien is.
Pappegaai-eftigen binne sosjale bisten, dy't ornaris yn swaarmen libje. It binne almeast herbivoaren, dy't sieden, nuten, fruchten, knoppen en oar plantaardich materiaal frette. Inkele soarten, lykas de keä (Nestor notabilis) út Nij-Seelân, hawwe har ûntjûn ta ynsektivoaren en iesiters. De loarys út Australaazje en westlik Oseaanje hawwe har spesjalisearre yn it iten fan nektar út blommen en fan sêfte fruchten. Hast alle pappegaai-eftigen nêstelje yn beamholten, lizze wite aaien en hawwe piken dy't nêstbliuwers binne.

Mei kriefûgels lykas ravens, krieën, eksters en houteksters, wurde de pappegaai-eftigen ta de yntelligintste fûgels rekkene. Se kinne relatyf komplekse problemen oplosse. Guon soarten pappegaai-eftigen hawwe it fermogen om minsklike spraak te imitearjen. Dat wol net sizze dat se echt prate kinne, want oer it algemien beare se inkeld lûden nei dy't se faak genôch hearre. Fan 'e grize readsturtpappegaai (Psittacus erithacus) hawwe guon eksimplaren lykwols sjen litten dat se leare kinne om wurden mei de juste betsjuttings te assosjearjen en ienfâldige sinnen te foarmjen.
In protte soarten pappegaai-eftigen hawwe slim te lijen ûnder oerbejaging, habitatferlies en konkurrinsje fan troch de minske yntrodusearre eksoaten. Boppedat hat de populariteit fan beskate soarten as húsdier derfoar soarge dat in protte eksimplaren út it wyld weifongen wurde om as húsdier ferkocht te wurden. Yn 2021 waard rûsd dat der wrâldwiid likernôch 50 miljoen pappegaai-eftigen as húsdier holden waarden. Dat komt del op 50% fan alle pappegaai-eftigen yn 'e wrâld. Guon fûgels dy't as húsdier holden waarden, binne ûntsnapt en hawwe har as eksoat bûten har lânseigen ferspriedingsgebiet fêstige, dêr't se dan wer lânseigen soarten yn dy regio mei ta lêst binne. Sa is de halsbânparkyt (Psittacula krameri) no te finen yn grutte dielen fan West-Jeropa, wêrûnder ek de Rânestêd yn Nederlân. Yn 2024 waarden de earste halsbânparkiten waarnommen yn Ljouwert.
- skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
- boppefamylje Nijseelânske pappegaaien (Strigopoidea)
- famylje kakapofûgels (Strigopidae)
- boppefamylje kakketoes (Cacatuoidea)
- famylje kakketoefûgels (Cacatuidae)
- ûnderfamylje falkparkytfûgels (Nymphicinae)
- skaai falkparkiten (Nymphicus)
- ûnderfamylje ravenkakketoefûgels (Calyptorhynchinae)
- skaai ravenkakketoes of echte ravenkakketoes (Calyptorhynchus)
- skaai ûnechte ravenkakketoes (Zanda)
- ûnderfamylje echte kakketoefûgels (Cacatuinae)
- tûke ljochte kakketoefûgels (Cacatuini)
- skaai helmkakketoes (Callocephalon)
- skaai rôze kakketoes (Eolophus)
- skaai wite kakketoes (Cacatua)
- tûke swarte kakketoefûgels (Microglossini)
- skaai swarte kakketoes (Probosciger)
- tûke ljochte kakketoefûgels (Cacatuini)
- ûnderfamylje falkparkytfûgels (Nymphicinae)
- famylje kakketoefûgels (Cacatuidae)
- boppefamylje pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea)
- famylje pappegaaien fan de Yndyske Oseaan (Psittrichasiidae)
- ûnderfamylje swarte pappegaaifûgels (Coracopsinae)
- skaai swarte pappegaaien (Coracops)
- ûnderfamylje boarstelkoppappegaaifûgels (Psittrichasiinae)
- skaai boarstelkoppappegaaien (Psittrichas)
- ûnderfamylje swarte pappegaaifûgels (Coracopsinae)
- famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
- ûnderfamylje Afrikaanske pappegaaifûgels of Afrikaanske pappegaaien (Psittacinae)
- skaai Afrikaanske grize pappegaaien (Psittacus)
- skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus)
- ûnderfamylje arafûgels (Arinae)
- tûke Amazônepappegaaien, magrytsjes en sibben (Androglossini)
- skaai Amazônepappegaaien (Amazona)
- skaai Andespappegaaien (Hapalopsittaca)
- skaai gielbúkamazônepappegaaien of gielbealchamazônepappegaaien (Alipiopsitta)
- skaai kealkoppappegaaien (Pyrilia)
- skaai kleurwjukparkiten (Brotogeris)
- skaai koartsturtpappegaaien (Graydidascalus)
- skaai margrytsjes (Pionus)
- skaai mûntseparkiten (Myiopsitta)
- skaai pearsbúkparkiten of pearsbealchparkiten (Triclaria)
- skaai readkapepappegaaien (Pionopsitta)
- tûke ara's (Arini)
- skaai araparkiten (Rhynchopsitta)
- skaai aratingaparkiten (Eupsittula)
- skaai aratinga's (Aratinga)
- skaai blaukoparatinga's (Thectocercus)
- skaai blauwe ara's (Anodorhynchus)
- skaai echte ara's (Ara)
- skaai gielearparkiten (Ognorhynchus)
- skaai goudparkiten (Guaruba)
- skaai goudplomparkiten (Leptosittaca)
- skaai griene dwerchara's (Primolius)
- skaai hoaleparkiten (Cyanoliseus)
- skaai kaikepappegaaien (Pionites)
- skaai Karolinaparkiten (Conuropsis)
- skaai kraachpappegaaien (Deroptyus)
- skaai readbúkara's of readbealchara's (Orthopsittaca)
- skaai readskouderara's (Diopsittaca)
- skaai readsturtparkiten (Pyrrhura)
- skaai spixara's of Spix' ara's (Cyanopsitta)
- skaai tinsnaffelparkiten of tinsnabelparkiten (Enicognathus)
- skaai ûnechte aratinga's (Psittacara)
- tûke moskpappegaaien (Forpini)
- skaai moskpappegaaien (Forpus)
- tûke toartelpappegaaien (Amoropsittacini)
- skaai bolsnaffelparkiten of bolsnabelparkiten (Bolborhynchus)
- skaai dwerchparkiten (Nannopsittaca)
- skaai lytse pappegaaien (Touit)
- skaai sitroenparkiten (Psilopsiagon)
- tûke Amazônepappegaaien, magrytsjes en sibben (Androglossini)
- ûnderfamylje Afrikaanske pappegaaifûgels of Afrikaanske pappegaaien (Psittacinae)
- famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae)
- ûnderfamylje breedsturtpappegaaifûgels (Platycercinae)
- tûke breedsturtpappegaaien (Platycercini)
- skaai hoarnparkiten (Eunymphicus)
- skaai kakarikys (Cyanoramphus)
- skaai paradysparkiten (Psephotellus)
- skaai Port-Lincolnparkiten (Barnardius)
- skaai readkapeparkiten (Purpureicephalus)
- skaai readrêchparkiten (Psephotus)
- skaai rosella's (Platycercus)
- skaai swelpappegaaien (Lathamus)
- tûke grûnpappegaaien (Pezoporini)
- skaai bourkeparkiten of Bourke's parkiten (Neopsephotus)
- skaai echte grûnpappegaaien (Pezoporus)
- skaai ûnechte gersparkiten (Neophema)
- tûke breedsturtpappegaaien (Platycercini)
- ûnderfamylje dwerchpappegaaifûgels (Agapornithinae)
- skaai dwerchpappegaaien (Agapornis)
- skaai flearmûsparkiten (Loriculus)
- skaai gûajabearo's (Bolbopsittacus)
- ûnderfamylje echte pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculinae)
- tûke Aziatyske pappegaaien (Psittaculini)
- skaai ealpappegaaien (Eclectus)
- skaai flachsturtpappegaaien of flaggesturtpappegaaien (vlagstaartpapegaaien)
- skaai geoffroypappegaaien of Geoffroy's pappegaaien (Geoffroyus)
- skaai ealparkiten (Psittacula)
- skaai grutsnaffelpappegaaien of grutsnabelpappegaaien (Tanygnathus)
- tûke pronkparkiten (Polytelini)
- skaai echte pronkparkiten (Polytelis)
- skaai keningsparkiten (Alisterus)
- skaai readwjukparkiten (Aprosmictus)
- tûke spjochtpappegaaien (Micropsittini)
- skaai echte spjochtpappegaaien (Micropsitta)
- tûke gersparkytfûgels (Melopsittacini)
- skaai gersparkiten (Melopsittacus)
- tûke Aziatyske pappegaaien (Psittaculini)
- ûnderfamylje loaryfûgels (Loriinae)
- tûke fiichpappegaaien (Cyclopsittini)
- skaai rûneachfiichpappegaaien (Cyclopsitta)
- tûke loarys (Loriini)
- skaai brûnsloarys (Chalcopsitta)
- skaai dageloarys (Eos (skaai))
- skaai echte loarys (Lorius)
- skaai hiertongloarys (Trichoglossus)
- skaai ûnechte dageloarys (Pseudeos)
- tûke fiichpappegaaien (Cyclopsittini)
- ûnderfamylje tigerparkytfûgels (Psittacellinae)
- skaai tigerparkiten (Psittacella)
- ûnderfamylje breedsturtpappegaaifûgels (Platycercinae)
- famylje pappegaaien fan de Yndyske Oseaan (Psittrichasiidae)
- boppefamylje Nijseelânske pappegaaien (Strigopoidea)