Dit is TF2030 – Taalplan Frysk 2030
De Fryske taal is ûnskiedber fan de Friezen en ús identiteit. In taal om grutsk op te wêzen én yn te ynvestearjen. As provinsje wolle wy alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom wurkje wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 oan in struktureel plak foar it fak Frysk yn it ûnderwiis. Sa komme bern fan alle jierren yn oanrekking mei de Fryske taal, fan berne-opfang oant heger ûnderwiis.

2030
Uterlik yn it jier 2030 moat it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en provinsje mei-inoar ôfpraat hawwe yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Op foldwaande nivo betsjut dat alle basis- en skoallen foar fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl hawwe. Skoallen krije no om ‘e fjouwer jier in taalprofyl takend. In skoalle mei in A-profyl foldocht oan alle easken foar it Frysk ûnderwiis. Skoallen mei in A-profyl hawwe in breed Frysk ûnderwiisoanbod rjochte op Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Skoallen dy’t in leger profyl krije, hawwe tydlik noch in frijstelling foar guon ûnderdielen fan it ûnderwiisoanbod. It projekt Taalplan Frysk helpt skoallen mei begelieding, skoalling en materiaal om it nivo fan it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Sa wurkje alle skoallen ta op in A-profyl yn 2030.
Mjittingen
It lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden Hogeschool is yn 2016 frege om op meardere mominten ûndersyk te dwaan nei de stân fan saken fan it leargebiet Fryske taal en kultuer op skoallen. Yn de perioade 2016-2018 is de earste mjitting west (0-mjitting), yn de perioade 2020-2022 de twadde mjitting (ienmjitting). Mear ynfo en de publikaasjes steane op de website fan it lektoraat.
Trochgeande learline
Ek by foarskoalske edukaasje, mbû, hbû, universiteit en it spesjaal ûnderwiis kieze wy foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Sa wurde bern en learlingen taret op libje en wenje yn Fryslân. Yn’e mande mei taal- en ûnderwiisynstellingen wurkje wy oan in Fryske trochgeande learline. Wy soargje dat it materiaal foar Frysk ûnderwiis op mekoar oanslút en dat skoallen witte hoe’t se bydrage kinne oan de trochgeande learline. It projekt Taalplan Frysk 2030 helpt dizze ûnderwiisynstellings, berne-opfanglokaasje en pjutteboartersplakken ek mei begelieding, skoalling en materiaal.

Gearwurking
De provinsje Fryslân set him dêr mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Underwiisburo Semko en de Underwiisynspeksje foar yn. Mar boppedat wurkje wy mei dosinten, skoallen en skoalbestjoeren. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Frysk, foar no en letter.